Tagonklikens natuergebiet
It grutste part fan Skiermûntseach is frij tagonklik. Om de fûgels op it eilân de nedige rêst te gunnen, binne der in pear útsûnderingen:
- De Oosterkwelder is yn it briedseizoen (15 april-15 july) net tagonklik. Allinnich mei ekskurzjes ûnder begelieding fan de boskwachters fan Natuurmonumenten kinst yn it briedseizoen nei dat gebiet gean.
- It natuergebiet tusken de Prins Bernhardweg en Kobbedunen is yn it briedseizoen allinnich tagonklik op ‘e wegen en paden dy’t mei wite peallen markearre binne.
- De direkte omjouwing fan ‘e Westerplas is net tagonklik foar publyk yn it briedseizoen.
- It strân fan peal 10 ôf oant de eastpunt is yn it briedseizoen allinnich deun by de wetterline lâns frij tagonklik, de rest is fanwege needsaaklike rêst foar briedfûgels net tagonklik fan 15 april oant 15 july.
Fûgels binne ek bûten de briedtiid gefoelich foar fersteuring. Yn it bysûnder as se rêste op ‘e ‘heechwetterflechtplakken’ (sânplaten dy’t der by heechwetter net ûnderstrûpe) lykas it Rif, of as se fretten sykje op it Waad. Bliuw dêrom op ôfstân, hâld de hûn oan ‘e riem en besjoch de fûgels troch in fierrekiker. Dat jildt ek foar it besjen fan ‘e seehûnen dy’t op sânbanken rêst sykje of dêr har jongen sûgje.
Tagonklikens foar beheinden
It Nasjonaal Park Skiermûntseach is op ‘e ferhurde wegen goed tagonklik foar rolstoelbrûkers. De skulpepaden binne foar it grutste part ek goed tagonklik. Hâld dêr wol rekken mei hellingen en net alhiel flaklizzende paden. De sân- en gerspaden binne dreech oant net tagonklik foar minsken yn in rolstoel.
Skiermûntseach is net tagonklik foar motorreau. Allinnich ferfier dat spesjaal ynrjochte is foar beheinden is tastien. In ûntheffing fan it autoferbod moat oanfrege wurde by de gemeente. Doch dat op syn lêst 5 wurkdagen foar de dei dêr’t de ûntheffing foar jilde moat. Mear ynformaasje fynst op ‘e webside fan ‘e gemeente Skiermûntseach.
Strânrolstuollen
Op twa plakken binne spesjale strânrolstuollen beskikber. Dy rolstuollen binne foarsjoen fan ekstra brede bannen, sadat se minder gau yn sacht sân weisakje. Fynst de strânrolstuollen oan ‘e ein fan de Badweg en by de strânoergong oan ‘e ein fan ‘e Prins Bernhardweg. De kaai is te krijen by respektyflik restaurant Noderstraun en restaurant de Marlijn.
Iepenbiere oanpaste húskes
Iepenbiere, oanpaste húskes fynst oan ‘e ein fan ‘e Badweg by de strânoergong en by de strânoergong by de Merlijn. Dy húskes binne beskikber fan 1 maaie oant 1 novimber.
Ekskurzjes
Op fersyk kinne we in ekskurzje organisearje foar rolstoelbrûkers of foar in groep dêr’t in rolstoelbrûker by sit. We stimme dan de rûte en ôfstân ôf op ‘e mooglikheden.
In ekskurzje-op-maat foar minsken mei in fisuele beheining is fansels ek mooglik.
Nim dêrfoar (leafst rom yn ‘t foar) kontakt op mei ynformaasjesintrum Het Baken.
By tochten mei de Balgexpres wurde minsken dy’t net goed rinne kinne of in rolstoel brûke, holpen mei yn- en útstappen. In rolstoel meinimme yn ‘e Balgexpres giet net, op syn heechst in opklapbere rolstoel. It bêste is om even te oerlizzen foardatst kaartsjes keapest. Kinst dêrfoar telâne oan ‘e baly fan ynformaasjesintrum Het Baken of in e-mail stjoere oan Het Baken.
In groepsaktiviteit organisearje yn it Nasjonaal Park
Freegje tastimming oan
Wolst in (sport)aktiviteit organisearje yn Nasjonaal Park Skiermûntseach? Bist fan herte wolkom, mar as terreinbehearder en natuerbeskermingsorganisaasje wol Natuurmonumenten in negatyf effekt op ‘e natuer fan Skiermûntseach tefoaren komme. Freegje dêrom altyd earst tastimming oan, dan sjogge we mei-inoar hoe’t en wêr’t dyn aktiviteit plakhawwe kin en watst werom dwaan kinst foar de natuer.
Wêr tinkt Natuurmonumenten om?
Om út te meitsjen oft Natuurmonumenten tastimming jaan kin, sjogge we nei de mooglike gefolgen foar de natuer. Soms binne der kwetsbere soarten of is der kâns op fersteuring fan bisten en planten. Boppedat hâlde we rekken mei mooglike oerlêst foar oare besikers of omwenners. Natuurmonumenten wol dat elkenien fan de Nederlânske natuer genietsje kin. Dêrom wolle we graach witte wat der yn ús natuergebieten omgiet.
Draach by oan ‘e beskerming fan de natuer
Ast tastimming krijst, jilde beskate regels en freegje we in tsjinprestaasje, meastentiids yn ‘e foarm fan in finansjele bydrage. It mooglik meitsjen fan (sport)aktiviteiten yn ‘e natuer kostet Natuurmonumenten nammentlik jild, om’t we bygelyks tafersjoch hâlde of soargje foar de oanlis en it ûnderhâld fan rûtes en fasiliteiten dy’t jimme brûke. Dêrneist beskermje en fersterkje we de natuer om dy rûtes hinne! Troch dyn bydrage helpst Natuurmonumenten ek yn ‘e takomst natuer oanhâldend beskermje en beheare te kinnen. Untdek hjir wat dat foar dyn aktiviteit betsjut.
Eftergrûn
Jierliks bringe mear as 6 miljoen minsken sawat 50 miljoen kear in besite oan ien fan ‘e gebieten fan Natuurmonumenten en dat oantal nimt alle jierren ta. Hieltyd faker wurdt Natuurmonumenten frege oft der bysûndere aktiviteiten plakhawwe meie yn ‘e natuer. Wy stean dêr altyd foar iepen, mar kinne net oeral op yngean. Troch de oanfragen soarchfâldich te besjen en der in tsjinprestaasje foar te freegjen, kinne we mei-inoar de natuer beskermje en oerlêst, ûngemaklike situaasjes of ûnferwachte foarfallen tefoaren komme.
Flyer
Yn ‘e flyer Welkom op Schiermonnikoog stean alle ôfspraken dy’t jilde yn it Nasjonaal Park oersichtlik op in rychje.