De grinzen fan it Nasjonaal Park op 'e kaart

It grutste part fan Skiermûntseach heart ta it Nasjonaal Park. Allinnich it doarp en de polder binne útsletten. Op dizze kaart fan Skiermûntseach kinne jo krekt sjen wêr’t de grinzen lizze. De reade line is de grins tusken doarp/polder en it Nasjonaal Park. De reade stippele line is de bûtengrins fan it park. De gemeentegrins en de provinsjegrins binne ek op dizze kaart werjûn.

Jo kinne dizze kaart as pdf-bestân downloade.

Wat mei wêr?

Yn ‘e folder Wolkom op Skiermûntseach fynst oersichtlik alle ôfspraken op in rychje dy’t jilde yn Nasjonaal Park Skiermûntseach. Wêr mei de hûn los en wêr moat er oan ‘e riem? Op hokker plak op it strân meist draakjefleane en kite? En wêr is krekt it badstrân dat yn ‘e gaten holden wurdt? Fynst it yn ‘e folder.