Nasjonaal Park Skiermûntseach is ien fan ‘e meast natuerlike gebieten fan Nederlân. Wyn, wetter en tij hawwe it eilân foarme en hawwe noch hieltyd frij spul op it strân en de kwelder.
Yn it Nasjonaal Park fynst op in lyts oerflak in protte ferskate lânskippen: fan it waad oant de dunen en fan ‘e bosk oant de Westerplas. Yn elk lânskip fiele har wer oare bisten en planten thús. Sa komme troch it jier hinne mear as 300 fûgelsoarten op it eilân foar, groeie der hûnderten plantesoarten, wêrûnder njoggen soarten orchideeën en kinst oan it strân mear as 100 ferskate skulpesoarten fine.
Minsken hawwe ek al iuwenlang ynfloed op Skiermûntseach. Bûten it doarp en de Banckspolder is it lânskip net troch minsken makke en yndield, dat is wier, mar der binne wol kultuerhistoaryske eleminten dy’t tinken dogge oan it ferline.