De natuer fan Skiermûntseach is tige ryk en ôfwikseljend. Op in lyts oerflak fynst der in ryk ferskaat oan lânskippen: fan it waad oant de dunen en fan ‘e bosk oant de Westerplas. Yn elk lânskip fiele har wer oare bisten en planten thús.
Waad

It waad betsjoent minsken altyd wer, mei syn bewegende wetter, syn aloan wikseljende loften, syn geuren en lûden, syn fûgels en syn oerweldigjende romte. De boaiem fan ‘e Waadsee súdlik fan Skiermûntseach falt as it leechwetter is foar in grut part drûch en dan komt it waad foar ‘t ljocht. Op en yn ‘e waadplaten krioelet it fan it libben. De waadboaiem is tige fiedselryk om’t yn it ûndjippe wetter fan ‘e Waadsee in protte organysk materiaal besinkt.
Boaiemdieren lykas wjirms en skulpen ‘ite’ dat organyske materiaal en de grutte oantallen fûgels op it waad ite dan wer de boaiemdieren op.
Kwelder

De kwelders lizze oan ‘e waadkant fan it eilân. Kwelders ûntstean troch ‘ferlâning’ fan ‘e waadboaiem. Waadplaten wurde hieltyd heger mei’t der nei elke floed slib efterbliuwt. As sa’n plaat heech genôch wurden is, begjinne der algen en kwelderplanten op te groeien dy’t ek wer slib fêsthâlde. Op de dielen fan ‘e kwelder dy’t der alle dagen troch it seewetter ûnderstrûpe, groeie pionierplanten lykas kwelderkrûd en slykgers.
De hegere dielen fan ‘e kwelder strûpe der allinne by hege floed ûnder. Dêr groeie bygelyks skieppe-ear, fliekrûd en seegers (Engels gras). De Oosterkwelder is foar it grutste part nei 1850 ûntstien. Foarhinne leine der ek yn it westen kwelders by de Waadsee lâns. Nei it oanlizzen fan ‘e seedyk binne dy kwelders feroare yn lânbougrûn fan ‘e Banckspolder. De ôfrûne jierren is it Rif, in grutte sânpunt yn it westen, stadichoan feroare yn in kwelder.
Strân

Skiermûntseach hat it breedste strân fan Europa. Op guon plakken is it mear as in kilometer breed! Ofhinklik fan ‘e krêft en de rjochting fan ‘e wyn is yn ‘e floedstripe fan alles te finen: skulpen, goudkamkes, wieren en soms sels seestjerren. By de wetterline lâns skarrelje fûgels harren kostje byinoar. Foaral ferskate soarten seefûgels, strânljippen en sângrillen komst der tsjin.
De bjusterbaarlikste strânfynsten spiele oan ‘e eastkant fan it eilân oan, om’t dêr djippe slinken yn ‘e buert fan it strân komme. Oan ‘e westkant fan it eilân leit in grutte sânbank flak foar de kust. Wêr’t dy sânbank foar it strân leit, is mar in bytsje streaming. Dat makket dat it strân dêr mear op in waadboaiem begjint te lykjen, kompleet mei waadwjirms en kwelderkrûdplantsjes.
Dunen

Op Skiermûntseach kinst op it strân sjen hoe’t dunen ûntstean: troch de wyn ûntstean lytse sânbultsjes op it strân, der ûntkimet strânweet (biestarwegras) en helmgers op sa’n sânbultsje en dy planten ferstevigje mei har woartels it sânbultsje en heine ekstra sân sadat it bultsje útgroeit ta in dúntsje.
De lytse dúntsjes op it strân ferdwine faak wer yn ‘e winter as it stoarmet.
Yn ‘e Skiermûntseager dunen komme in soad bysûndere planten foar. Yn ‘e maitiid binne de dúnfalleien hielendal rôze fan ‘e orchideeën en yn augustus stean se fol mei parnassia. Yn ‘e hjerst sjochst rûnom beikes hingjen en in hiele protte fûgels, dy’t dy beikes graach opite.
Yn ‘e dunen libje kninen, mar lang safolle net mear as foarhinne. Twa kninesykten hawwe derfoar soarge dat in hiele protte kninen deagien binne. Foar de dunen hat dat grutte gefolgen. Planten dy’t foarhinne troch de kninen as kymplantsje opfretten waarden, kinne no útgroeie ta beammen en struken. Dat makket dat de dunen op Skiermûntseach hieltyd mear tichtgroeie en dat bysûndere dúnplanten yn gefaar komme. Om de dunen wer mear iepen te krijen en te hâlden, rinne der tsjintwurdich grutte weiders yn ‘e dunen.
Bosk

De bosken op Skiermûntseach bestean út oanplante dinnebosk en fan natuere ûntstien leafbosk. Yn it begjin fan ‘e foarige iuw lit de famylje Von Bernstorff dinnebosken oanplantsje foar houtproduksje. Mar troch de ekstreme omstannichheden groeiden de beammen sa stadich, dat it ûnderhâld al gau staakt waard. Oan ‘e westkant fan ‘e bosk kinst goed sjen hoe’t de beammen troch de sâlte wyn ‘kealskeard’ waarden en krom groeiden.
Yn ‘e lijte fan it oanplante bosk binne leafbeammen ûntstien mei foaral in soad bjirken. Dat bjirkebosk wreidet him noch altyd út. Der briede in protte fûgels yn ‘e Skiermûntseager bosk, fan alderlei soarten sjongfûgels oant sparwers en hoarnûlen.
Westerplas
De Westerplas is noch net sa lang in swietwetterdobbe. It gebiet hiet foarhhinne de Westerkwelder en strûpte der regelmjittich ûnder troch de Waadsee. Yn 1964 is dy kwelder yndike en ûntstie de Westerplas. No is de Westerplas it wichtichste swietwettergebiet fan it eilân.

Fanwege it swiete wetter libje op en om de Westerplas in protte fûgels. Einen en guozzen fansels, alderlei soarten reidfûgels, en der briede leppelbekken. Ek foar minsken is de Westerplas fan belang. In grut part fan it drinkwetter op Skiermûntseach wurdt nammentlik yn dat gebiet wûn.