Om 1920 hinne liet de eilâneigener Graaf Von Bernstorff in dinnebosk oanplantsje. Yntusken binne in protte beammen oan ‘e ein fan har Latyn. Om’t alle beammen like âld binne, is de kâns grut dat ynkoarten in protte dinnen tagelyk deagean.
Natuurmonumenten besiket de bosk stadichwei om te foarmjen ta in mingd nulle- en leafbosk. Jierliks wurde inkele beammen kappe, mar nea mear as 1% fan ‘e hiele bosk. De iepen plakken groeie dêrnei wer stadichoan ticht mei jonge beammen en struken. Dêrtroch komt der mear ôfwikseling yn ‘e bosk.