
Al it drinkwetter dat op Skiermûntseach út ‘e kraan komt, komt fan it eilân sels. In grut part fan ‘e rein floeit direkt ôf fia sleatten of strân nei de see of it ferdampt. In oar part kringt troch yn ‘e sângrûn en foarmet dêr in natuerlike swietwetterbel ûnder it eilân, dy’t pleatslik oan ‘e oerflakte komme kin en sa dúnmarkes foarmet.
Trochdat it toerisme de ôfrûne desennia flink groeid is, is ek it wetterferbrûk tanommen. Wiete dúnfalleien dêr’t in protte planten en bisten yn libje, driigje dêrtroch te ferdrûgjen. Natuurmonumenten, Wetterskip Fryslân en wetterliedingbedriuw Vitens wolle dat tefoaren komme. De ôfrûne jierren is de wetterwinning foar in part ferpleatst nei de Westerplas om de kwetsbere dunen te ûntlêsten. It Wetterskip fiert de kommende jierren in wettergebietsplan út. Ien fan ‘e doelen dêrfan is om it reinwetter langer op it eilân te hâlden en sa ferdrûging fan ‘e dunen foar te kommen.