Op Skiermûntseach komme in ferskuorrend soad ferskate planten en bisten foar op in hiel lyts oerflak. Dat komt om’t it eilân in protte ferskate lânskippen hat: fan it waad oant de dunen en fan ‘e bosk oant de Westerplas. Yn elk lânskip fiele har wer oare bisten en planten thús.
Fûgels
Skiermûntseach is in wier fûgelparadys. Kinst in hiele protte soarten fûgels op it eilân sjen en faak ek yn grutte oantallen. Dat komt ûnder oaren om’t it eilân hiel feilich is foar fûgels. Der komme nammentlik gjin lânrôfdieren foar op Skiermûntseach. Op ‘e grûn briedende soarten hoege dus net benaud te wêzen dat in foks harren nêst plunderje sil. In oare reden wêrom’t Skiermûntseach sa yn trek is by fûgels, is dat der safolle te fretten is. Op it waad komme grutte oantallen wjirms, skulpen en krabben foar. Allegear fretten foar de fûgels. En dan leit de Waadsee ek nochris ideaal op ‘e trekrûte. In protte fûgels meitsje op ‘e reis fan harren briedgebiet yn it noarden nei harren oerwinteringsplak yn it suden in tuskenstop yn ‘e Waadsee. Yn ‘e trektiid tilt it op it waad op fan ‘e steltrinnerkes.

Ien fan ‘e meast promininte fûgelsoarten fan Skiermûntseach is de leppelbek. Fan febrewaris ôf komme se werom út harren winterferbliuwen yn Súd-Europa en Afrika. Alle simmers briede mear as 200 pearen leppelbekken op it eilân! Kinst de leppelbekken faak sjen út de fûgelhutten wei by de Westerplas. Nei de leppelbekken fan Skiermûntseach wurdt in protte ûndersyk dien.
Planten

Yn totaal komme op Skiermûntseach mear as 500 soarten planten foar. Op ‘e kwelder en yn ‘e dunen fynst in soad bysûndere plantesoarten.
De kwelder strûpt der geregeld ûnder mei seewetter. Dat betsjut dat de planten dy’t der groeie oer sâlt wetter kinne moatte. Dêrom hat de kwelder in hiel eigen begroeiïng mei planten dy’tst earne oars net tsjinkomst. Foarbylden fan kwelderplanten binne skieppe-ear (lamsoor) en kwelderkrûd (zeekraal).
Yn ‘e dunen fan Skiermûntseach bloeie in protte blommen yn alderlei rynske kleuren. Giel komt bygelyks fan nachtlampen (teunisbloem) en aronsstêf (koningskaars). Wyt binne de prachtige blommen fan ‘e parnassia, foaral yn augustus yn grutte oantallen oanwêzich. It slangekrûd mei syn helderblauwe blommen kinst de hiele simmer sjen. En ast yn juny op it eilân bist, sjogge de dunen rôze fan ‘e orchideeën.
Seedieren
Om Skiermûntseach hinne leit see, oan ‘e súdkant de Waadsee en yn it noarden de Noardsee. De bisten dy’t yn ‘e see libje, sjochst meastal net op Skiermûntseach. Mar fynst op it strân of op it waad wol faak oerbliuwsels fan dy bisten yn ‘e foarm fan skulpen en oar oanspielsel.
Op it strân fan Skiermûntseach kinst bysûnder goed skulpen sykje. Kinst der in protte ferskate en ek seldsume skulpen fine. De reden dat der safolle bysûnders oanspielt op it eilân, is dat der oan ‘e eastkant djippe slinken yn ‘e buert fan it eilân komme. Sa komme skulpen dy’t yn ‘e djippere dielen fan ‘e Noardsee foarkomme, op it strân telâne.

In goed foarbyld fan sa’n seldsume skulp dy’tst op Skiermûntseach fine kinst is de noardkromp. It is in tige moaie en grutte skulp en it bist dat yn dy skulp libbet, is it âldste bist op ‘e wrâld: in noardkromp kin nammentlik mear as 500 jier âld wurde!
Ek foar oar oanspielsel is Skiermûntseach in goed fynplak. Ferskate soarten krabben, rêchskylden fan ‘e seekat, skeletsjes fan seestikelbargen, fiskewervels, neam mar op. Sa hoechst net de see yn om in soad seedieren te sjen.
Sûchdieren
Fan sûchdieren komme der net safolle soarten foar op Skiermûntseach. Knyn en hazze kinst fansels tsjinkomme, stikelbargen skarrelje jûns en nachts om, en der komme in pear soarten mûzen en spitsmûzen foar.

It sûchdier fan Skiermûntseach dat it meast ta de ferbylding sprekt is nei alle gedachten de seehûn. Der binne twa soarten seehûnen dy’t yn ‘e Waadsee en de Noardsee by Skiermûntseach foarkomme: de gewoane seehûn en de grize seehûn. De grize seehûn is in stik grutter as de gewoane seehûn en hat in langwerpige snút. Op ‘e Balg, de uterste eastpunt fan it eilân, lizze faak (gewoane) seehûnen út te rêsten.
Ast gelok hast kinst ek earne oars op it strân in seehûn tsjinkomme. Ek jonge seehûntsjes komst wolris op it strân tsjin. Sa’n seehûntsje sjocht der tige oandwaanlik út en it kin sels gûle, mar it is hiel gewoan foar in seehûnepup om oeren lang allinnich op it strân te lizzen. De memmeseehûn is gewoanwei op jacht en komt altyd wer werom om har jong te sûgen. Kinst in jong seehûntsje dus it bêste gewoan lizze litte.
Waadbyb
Wolst mear witte oer in beskate soart? Yn ‘e Waadbyb fan ús kollega’s fan Ecomare fynst in hiele protte ynformaasje oer de planten en bisten fan it Waad en de Waadeilannen.