Skiermûntseach is ien fan ‘e meast wylde plakken fan Nederlân. It eilân is foarme troch sterke seestreamen, straffe winen en stowend sân. Noch altyd is de natuer op Skiermûntseach oanhâldend yn beweging.

Op ‘e Oosterkwelder en it strân giet alles fansels. Minsken stjoere dêr net yn ‘e ûntwikkelingen. Sokke plakken binne der yn Nederlân net in soad. De natuer fart der wol by as wyn, wetter, sân en sâlt har gong geane. Bisten en planten fine har eigen plak yn it gebiet. Tagelyk is der de ferantwurdlikens om soarten en habitats dêr’t it min mei giet te stypjen.
Yn ‘e dunen op Skiermûntseach is mear wurk nedich. De dunen driigje nammentlik aloan mear ticht te groeien. Troch meanen, plagjen en beweidzjen besykje we de seldsume planten en bisten fan it iepen dunegebiet te behâlden.
Natuurmonumenten beheart en beskermet de natuer fan Skiermûntseach sadat elkenien der oanhâldend fan genietsje kin.
Sûnt 1989 is Skiermûntseach in Nasjonaal Park. It folsleine Waadgebiet is yn 2009 troch UNESCO erkend as Wrâlderfgoed.