It begjint yn ‘e iistiid

Foar it ûntstean fan it Waadgebiet moatte we werom nei de lêste iistiid, dat wie 45 tûzen jier ferlyn. Yn dy iistiid wie al it wetter fan ‘e Noardsee fêstlein yn gletsjers. Dêrtroch wie de seespegel folle leger as dat er no is. It gletsjeriis berikte ús hjoeddeistige kustline net; de doetiidske kustline lei tsientallen kilometers noardlik fan ‘e hjoeddeistige Waadeilannen.

Oan ‘e ein fan ‘e iistiid begûnen de gletsjers te teien en gie de seespegel rap omheech. Sawat njoggentûzen jier ferlyn ûntstie it Kanaal tusken Frankryk en Ingelân. Sûnt dy tiid streame twa grutte floedstreamen twa kear deis de Noardsee yn, ien út it suden en ien út it noarden wei.

Sawat seistûzen jier ferlyn lei de seespegel noch mar 5 meter leger as it hjoeddeistige nivo. De krêften fan ‘e twa floedstreamen út it suden en it noarden soargen foar in soarte fan bulldozereffekt op it sân yn ‘e Noardsee. Der ûntstie in lange rige sânbanken, in saneamde strânwâl.

Uteinlik bruts de strânwâl op ferskate plakken troch. It efterlizzende feangebiet streamde fol mei sâlt wetter en de Waadsee wie berne. Der ûntstie in wiidweidich netwurk fan kwelders en moerassen en alderlei grutte en lytse eilannen. In swiere stoarmfloed yn 1362 soarge derfoar dat de Dollard en de Sudersee ûntstiene.

Ek nei 1362 feroare der noch in soad yn it gebiet. Eilannen waarden grutter of lytser, of ferdwûnen sels hielendal yn ‘e weagen. Ek de mins spile in rol: de Sudersee en de Lauwersee waarden ôfsletten en oan ‘e kust waarden kweldergebieten ynpoldere, de saneamde lânoanwinningen.

Kuierjend eilân

Ek Skiermûntseach is yn ‘e rin fan ‘e jierren flink feroare. Lykas alle Waadeilannen kuiere Skiermûntseach yn eastlike rjochting. Oan ‘e westkant is yn it ferline in soad grûn fuortslein. Dêrtroch gie yn ‘e achttjinde iuw it doarp Westerburen ferlern.

De eilanners hawwe sels ek besocht om grip te krijen op it eilân. Sa is oan ‘e noardkant fan it eilân in stodyk oanlein om oangroei fan it eilân te befoarderjen.

Op dit stuit groeit Skiermûntseach noch altyd oan ‘e eastkant. Sa sterk sels dat de punt fan it eilân al twa kear oer de provinsjegrins mei Grinslân hinne kuiere is. Yn 2005 en op ‘e nij yn 2021 is de grins tusken Grinslân en Fryslân oanpast, sadat Skiermûntseach wer hielendal yn Fryslân leit.