It Wetterskip Fryslân beheart de ring fan diken en dunen dy’t om it doarp en de polder lizze. Dêrneist hâldt Rykswettersteat de basiskustline yn ‘e gaten.

Dyk- en dúnfersterking

It Waadeilân Skiermûntseach wurdt tsjin heechwetter beskerme troch in primêre wetterkearing dy’t bestiet út in 9 kilometer lang dúntrajekt oan ‘e west-, noard- en eastkant en in 4 kilometer lang dyktrajekt oan ‘e súdkant fan it eilân; de Waadseedyk.

Geregeld toetst it Wetterskip Fryslân de diken en dunen om te sjen oft se it hege wetter noch ferneare kinne. Troch klimaatferoaring stiicht de seespegel. De boaiem sakket ek en we krije faker te meitsjen mei ferheftiger waarsomstannichheden.

Ut de toetsing docht bliken dat op Skiermûntseach de dyk fersterke wurde moat en it sânfolume op guon parten fan ‘e dunen oanfolle wurde moat. De kommende jierren wurdt de dyk- en dúnfersterking taret. Nei ferwachting wurdt de fersterking yn 2027 en 2028 útfierd.

Om te soargjen foar in feilige en takomstbestindige wetterkearing wurket Wetterskip Fryslân yn in oanpak dy’t ôfstimd is op it gebiet, gear mei Rykswettersteat, provinsje en gemeente oan plannen foar de takomst, yn gearspraak mei ynwenners fan Skiermûntseach. De winsk is om de wetterfeiligensopjefte te keppeljen oan dynamysk dúnbehear en weromkommende natuer fan ‘e dunen. Hoe kinne we de kustline en de dúnwetterkearing sa beheare dat we de natuerlike prosessen in part fan it wurk dwaan litte? Troch mear romte te jaan oan natuerlike prosessen slute we oan op ‘e besteande Natura 2000 doelstellingen en kin it eilân op termyn wer meigroeie mei de seespegelstiging wêrby’t we de wetterfeiligens fan ‘e dúnwetterkearing altyd op oarder hâlde.

Yn 2023 is foar de ferkenningsfaze de gearwurkingsoerienkomst 1 Eilaun ûndertekene. 1 Eilaun stiet foar it fersterkjen fan it dyk- en dúntrasee op Skiermûntseach en it ferbinen fan belangen, ideeën en ekspertizes. Oanbelangjende partijen wurkje gear as ien team oan in wetterfeilich en klimaatadaptyf eilân.

Yn 2024 is yn ‘e mande mei eilanners, (eilanner-)organisaasjes en oerheden tawurke nei it konsept foarkarsalternatyf foar de dyk- en dúnfersterking. Ek is sjoen oft oare projekten en inisjativen op it eilân meinommen wurde kinne yn ‘e dyk- en dúnfersterking.

1 EILAUN hat de winsk om de dyk nei bûten ta te fersterkjen. Duorsumens is dêr in wichtich aspekt yn. De dyk moat yn ‘e takomst út te wreidzjen wêze om ynspylje te kinnen op klimaatferoaringen. Dynamysk behear spilet de haadrol yn it foarkarsalternatyf foar de dunen. Dy fariant fan dúnbehear biedt de mooglikheid om it werombringen fan ‘e natuer hân yn hân gean te litten mei wetterfeiligens.