Sûnt maaie 2021 binne Natuurmonumenten en VVV Skiermûntseach mei-inoar fêstige yn ynformaasjesintrum Het Baken, ít startpunt foar in besite oan Skiermûntseach.

Het Baken is it plak foar it boeken fan (natuer)ekskurzjes, aktiviteiten en akkommodaasjes. Fansels kinst der ek telâne foar algemiene ynformaasje oer Skiermûntseach, oer de prachtige floara en fauna fan it Nasjonaal Park en oer it doarp mei syn rike kultuerhistoaryske en autentike bysûnderheden.
Yn ‘e útstalling komst yn ‘e kunde mei it Nasjonaal Park, de rykdom fan Wrâlderfgoed Waadsee en it bysûndere plak dat Skiermûntseach dêrby ynnimt.

Stean each yn each mei de seehûn en de leppelbek, bewûnderje de stjerrehimel boppe it eilân, besjoch de unike planten en bisten en ûnderfyn de seizoenen op Skiermûntseach. Net te missen binne de ôfreis- en oankomsttiden fan fûgels; Skiermûntseach is ommers in hotspot foar fûgels én fûgelleafhawwers.
Yn ‘e winkel fan Het Baken fynst leuke natuerspeurtochten, moaie kuier- en fytsrûtes, aktuele natuerboeken en sûveniers.

Het Baken is ûntwurpen troch de Fryske arsjitekte Nynke Rixt Jukema út Ljouwert, yn gearwurking mei Bètha Architecten út Burgum. It gebou is duorsum ûntwurpen en wekt syn eigen enerzjy op.
Lit dy ynspirearje foar dyn besite oan ‘e unike natuer fan it Nasjonaal Park en ûnderfyn it eilângefoel. It team fan Natuurmonumenten en VVV stiet foar dy klear!
Iepeningstiden
moandei o/m sneon 09.00 – 17.00 oere
sneinen en feestdagen 10.00 – 14.00 oere
Do fynst Het Baken op Reeweg 9.