Waadekskurzje

Op it earste gesicht liket it waad in lege, stjonkende drekboel. Mar ast better sjochst, sjochst dat de waadboaiem fol libben sit. Rin mei oer de boaiem fan ‘e see en kom yn ‘e kunde mei de seetûzenpoat, de garnaal en de kokkel, yn ien fan Europa’s meast bysûndere natuergebieten.

Fûgelkuier

Wat fljocht dêr en wat fluitet dêr? Geandefoet trochkruse we de ferskate lânskippen fan it eilân, mei elk syn eigen soarten fûgels. Leppelbekken by de Westerplas, greidefûgels yn ‘e polder en steltrinnerkes op it waad. En wat tochtst fan ‘e kbv’tsjes dy’tst rûnom wol sjen kinst? Wat dat krekt ynhâldt, ûntdekst op ‘e fûgelkuier.

Weiders yn ‘e dunen

Skiermûntseach hat in prachtich dúngebiet. Der binne in protte dúnfalleien mei bysûndere blommen en seldsume planten. Mar as we neat dwaan soene, soene dy dunen yn rap tempo folslein tichtgroeie… Dêrom binne de ôfrûne jierren grutte weiders yntrodusearre yn ‘e dunen.

Se helpe de boskwachters om de dunen iepen te hâlden.
Op dizze strúntocht yn it dúngebiet sille we nei spoaren sykje fan grutte én lytse weiders en nei bysûndere blommen en planten. En wa wit komme we de weiders sels ek wol tsjin.

Op ‘e grins fan waad en kwelder

Soms is it see, soms is it lân. It lânskip by de súdlike râne fan it Rif lâns is tekene troch oergongen ‒ fan waad nei strân, fan wiet nei drûch, fan keal nei begroeid. Op dizze swalktocht komst yn ‘e kunde mei it libben yn en op de waadboaiem, mar ek mei inkele typyske kwelderplanten en harren bysûndere oanpassingen oan it libben yn in sâlte omjouwing.

 

Jutterstocht

Wannear’t de stoarm oer it eilân raast, begjint it bloed fan ‘e jutter hurder te streamen: wat sil der no wer oanspiele? We gean nei it strân, op syk nei oanspielde skatten út ‘e see. Krabben, skulpen, kwallen, mar wa wit ek wol flessepost…

Krûde-ekskurzje

Sêfte hielmasters, gefaarlike fergiffen en tradisjonele remeedzjes – op ús krûdetocht hearst alderlei ôfwikseljende ferhalen oer de krêftige krûden fan Skiermûntseach. In alternative blik op de soarterike plantewrâld.

Kuier om de West

De kuier om de West bringt dy by alle lânskippen fan ‘e ôfwikseljende westpunt fan it eilân lâns. Underweis hearst ferhalen oer planten, bisten en de skiednis fan dit bysûndere gebiet.

Fytstocht mei ferhalen

In ûntspannen fytstocht by de moaiste plakken fan it eilân lâns. Underweis fertelt de gids fan alles oer de skiednis, kultuer en natuer fan it eilân. Mei benammen omtinken foar de ferhalen efter de bysûnderheden.

Dún en blom

Op Skiermûntseach fynst dunen fan alle leeftiden, fan de jonge dúntsjes op it strân oant de âlde dúnfalleien yn ‘e buert fan it doarp, mei allegear har eigen plantegroei. In prachtige tocht by ûnder mear helmgers, krûpwylch, orchideeën en miggefanger (zonnedauw) lâns.

Doarpskuier

Wa wiene de earste bewenners fan it eilân, wêr geane de eilanner bern eins nei skoalle en nei wa is de Bank fan Banck neamd? Nei de doarpskuier witst alles oer Skiermûntseach en oer de eilânbefolking fan doe en no.

Jûnskuier

Op ‘e jûnskuier komst yn ‘e kunde mei it nachtlibben fan Skiermûntseach, eilanner leginden en miskien wol it tsjusterste paadsje fan it eilân… In stevige tocht, mei in drankje ûnderweis.

Stjerren sjen

Skiermûntseach is ien fan ‘e tsjusterste plakken fan Nederlân.

It ideale plak om stjerren te sjen! Rjochtsje de blik ris omheech en harkje nei ferhalen oer stjerrebylden, it Molkweistelsel en oare fassinearjende himelferskynsels.

Untdekkingstocht by jûntiid

Untdek de geheimen fan ‘e skimer, yn ‘e mande mei de sêftaardige Skimerskim. Dizze bysûndere ûntdekkingstocht is bedoeld foar nijsgjirrige bern tusken 6 en 11 jier. Alden dy’t net allinnich thús doarre te bliuwen, meie ek mei.

Lytse bistjes

In moaie ûntdekkingstocht foar jong en âld. Earst sykje we nei wat der allegear omkrûpt yn ‘e beammen, de struken en it gers. Dêrnei sille we wetterdierkes fange. Foar ark wurdt soarge.

Boskgeheimen foar beukers

Dizze ekskurzje is spesjaal foar beukers. We meitsje in aventoerlike tocht troch de bosk. Underweis dogge we alderlei leuke ûntdekkingen en komme we yn ‘e kunde mei in tal boskbewenners. We einigje op it Hazeweitje.

Algemiene ynformaasje

  • prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
  • prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
  • leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
  • de ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
  • By Het Baken binne fierrekikers te hier
  • by natuerekskurzjes binne learzens en fierrekikers ynbegrepen yn ‘e priis
  • hûnen kinne net mei
  • by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
  • foar alle ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
  • it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder  (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
  • kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken

Groepsekskurzjes

Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.

Alle seizoenen

We hawwe fansels ek ekskurzjes yn ‘e hjerst, de winter, en de maitiid. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.

Doch-it-sels-aktiviteiten

Neist ekskurzjes mei in gids ha we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa ha we de WAAD ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân en om ‘e Westerplas hinne, de iennige echte Skiermûntseach Bingo, en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’t by dy past!