Fûgelkuier

Wat fljocht dêr en wat fluitet dêr? Geandefoet trochkruse we de ferskate lânskippen fan it eilân, mei elk syn eigen soarten fûgels. Einen op ‘e Westerplas, guozzen yn ‘e polder en steltrinnerkes op it waad. En wat tochtst fan ‘e kbv’tsjes dy’tst rûnom wol sjen kinst? Wat dat krekt ynhâldt, ûntdekst op ‘e fûgelkuier.

Boskbaaie

Dompelje dy ûnder yn ‘e natuer en nim in boskbad mei de boskwachter!

Op dizze tocht fertraagje we ús tempo en ferkenne we de natuer mei al ús sintugen. We litte ús ferwûnderje en ferrasse troch alles wat de bosk en de dunen ús al fielend, harkjend, priuwend en rûkend biede.

Boskbaaie is betocht yn Japan, mar eins wit elkenien dy’t geregeld de natuer yn giet al lang datst der ek ta rêst komme kinst. Natuer helpt nammentlik by it ferminderjen fan stress en fersterket it ymmúnsysteem. Op dizze ekskurzje hearst der mear oer én ûnderfynst it sels.

Jutterstocht

Wannear’t de stoarm oer it eilân raast, begjint it bloed fan ‘e jutter hurder te streamen: wat sil der no wer oanspiele? We gean nei it strân, op syk nei oanspielde skatten út ‘e see. Krabben, skulpen, kwallen, mar wa wit ek wol flessepost…

Winterwaad

Goed ynpakt en op learzens kinst ek yn ‘e winter poerbêst it waad op. Hûndert jier ferlyn waarden der sels waadrin-iistochten oer it iis fan en nei it eilân oanbean! Op dizze ekskurzje rinst fan ‘e Jachthaven ôf in stik op it waad. Underweis fertelt de gids hoe’t alle bisten fan ‘e Waadsee de winterkjeld trotsearje. Watfoar bisten trekke fuort yn ‘e winter, en hokker kinne we noch fine? Gean mei dizze bysûndere tocht mei en ûnderfyn it waad yn ‘e winter.

Dún-en-boskkuier

Ofwikseling is it biedwurd by dit yn ‘e kunde kommen mei de dunen en bosken noardeastlik fan it doarp. Jongere en âldere dunen, nulle- en leafbosk, wiete en drûge gebieten. Untdek de rike plante- en bistewrâld fan Skiermûntseach en harkje nei ferhalen oer in Dútske graaf, noard- en súdhellingen, heksebiezems, kninen, hazzen en noch folle mear.

Stjerrekuier

Skiermûntseach is útroppen ta it tsjusterste plak fan Nederlân. Op ‘e stjerrekuier komst fan alles te witten oer stjerren en planeten, de moanne, it Molkweistelsel en oare fassinearjende himelferskynsels. By helder waar jouwe we útsoarte in protte omtinken oan ‘e stjerrebylden dy’t op dat stuit te sjen binne, mar ek by in berûne loft is dizze kuier troch it tsjuster beslist de muoite wurdich.

Jûnskuier

Kuierje mei troch de moaiste strjitsjes fan it doarp, fia de dunen, nei de ‘brânende’ fjoertoer. Underweis fertelt de gids oer de skiednis fan it eilân en de natuer by jûntiid.

Algemiene ynformaasje

  • prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
  • prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
  • leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
  • de ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
  • By Het Baken binne fierrekikers te hier
  • by natuerekskurzjes binne learzens en fierrekikers ynbegrepen yn ‘e priis
  • hûnen kinne net mei
  • by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
  • foar alle ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
  • it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder  (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
  • kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken

Groepsekskurzjes

Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.

Alle seizoenen

We hawwe fansels ek ekskurzjes yn ’e maitiid, de simmer en de hjerst. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.

Doch-it-sels-aktiviteiten

Neist ekskurzjes mei in gids ha we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa ha we de WAAD ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân en om ‘e Westerplas hinne, de iennige echte Skiermûntseach Bingo, en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’t by dy past!