
Trekfûgelkuier
It is maitiid en dat betsjut folop fûgeltrek. Underweis tusken Sibearië en Afrika is it waadgebiet it perfekte plak foar trekfûgels om by te kommen fan in lange reis. De skries en leppelbek komme werom út it suden om te brieden en wintergasten meitsje har klear om te gean. De earste nêsten binne al boud en territoaria wurde fûl ferdigene. Belibje de maitiid mei de boskwachter.

Briedfûgelekskurzje
De boskwachter fan Natuurmonumenten nimt dy mei de Oosterkwelder op. Tusken april en july briede der hûnderten seefûgels, in wiere ûnderfining om te sjen.
Foar de doer fan it briedseizoen is de kwelder ôfsletten foar publyk. Dizze ekskurzje biedt in unike kâns om mei de boskwachter yn ‘e maitiid dochs de kwelder te ferkennen. Komst net allinnich briedende seefûgels tsjin.
Op dizze tocht hast ek kâns op oerfleanende leppelbekken, fjildûlen, hoanskrobbers (kiekendief), wylpen, heidehippers (tapuit) en ljurken. Underweis priuwst it sâlte skieppe-ear (lamsoor), kwelderkrûd (zeekraal)en rûkst it fliekrûd (zeealsem).

Dún-en-boskkuier
Ofwikseling is it biedwurd by dit yn ‘e kunde kommen mei de dunen en bosken noardeastlik fan it doarp. Jongere en âldere dunen, nulle- en leafbosk, wiete en drûge gebieten. Untdek de rike plante- en bistewrâld fan Skiermûntseach en harkje nei ferhalen oer in Dútske graaf, noard- en súdhellingen, heksebiezems, kninen, hazzen en noch folle mear.

Waadekskurzje
Op it earste gesicht liket it waad in lege, stjonkende drekboel. Mar ast better sjochst, sjochst dat de waadboaiem fol libben sit. Rin mei oer de boaiem fan ‘e see en kom yn ‘e kunde mei de seetûzenpoat, de garnaal en de kokkel, yn ien fan Europa’s meast bysûndere natuergebieten.
Jutterstocht
Wannear’t de stoarm oer it eilân raast, begjint it bloed fan ‘e jutter hurder te streamen: wat sil der no wer oanspiele? We gean nei it strân, op syk nei oanspielde skatten út ‘e see. Krabben, skulpen, kwallen, mar wa wit ek wol flessepost…
Dúnsafary
Skiermûntseach hat in prachtich dúngebiet. Der binne in protte dúnfalleien mei bysûndere blommen en seldsume planten. Mar as we neat dwaan soene, soene dy dunen yn rap tempo folslein tichtgroeie… Dêrom binne de ôfrûne jierren grutte weiders (grazers) yntrodusearre yn ‘e dunen; se helpe de boskwachters om de dunen iepen te hâlden.
Op dizze strúntocht yn it dúngebiet sille we nei spoaren sykje fan grutte én lytse weiders en nei bysûndere blommen en planten. En wa wit komme we de weiders sels ek wol tsjin.

Stjerrekuier
Skiermûntseach is útroppen ta it tsjusterste plak fan Nederlân. Op ‘e stjerrekuier komst fan alles te witten oer stjerren en planeten, de moanne, it Molkweistelsel en oare fassinearjende himelferskynsels. By helder waar jouwe we útsoarte in protte omtinken oan ‘e stjerrebylden dy’t op dat stuit te sjen binne, mar ek by in berûne loft is dizze kuier troch it tsjuster beslist de muoite wurdich.
Jûnskuier
Kuierje mei troch de moaiste strjitsjes fan it doarp, fia de dunen, nei de ‘brânende’ fjoertoer. Underweis fertelt de gids oer de skiednis fan it eilân en de natuer by jûntiid.
Algemiene ynformaasje
- prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
- prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
- leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
- de ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
- By Het Baken binne fierrekikers te hier
- by natuerekskurzjes binne learzens en fierrekikers ynbegrepen yn ‘e priis
- hûnen kinne net mei
- by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
- foar alle ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
- it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
- kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken
Groepsekskurzjes
Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.
Alle seizoenen
We hawwe fansels ek ekskurzjes yn ‘e simmer, de hjerst en de winter. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.
Doch-it-sels-aktiviteiten
Neist ekskurzjes mei in gids ha we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa ha we de WAAD ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân en om ‘e Westerplas hinne, de iennige echte Skiermûntseach Bingo, en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’t by dy past!