Trekfûgelkuier

Yn septimber en oktober is de fûgeltrek op folle toeren op Skiermûntseach. Gean mei ús mei de natuer yn, op syk nei hjerstfûgels. Yn ‘e polder fertelt de boskwachter wêr’t dy tûzenen rotguozzen en pauguozzen (brandgans) eins weikomme en wêrom’t se sa graach op Skiermûntseach bivakkearje. De waadflakte lûkt mei syn miljoenen wjirms, skulpen en garnalen massaal fûgels oan.

Soargje datst de prachtige, mar ûnopfallende wilster (goudplevier) net oer de holle sjochst! Fansels bringe we ek in besite oan de Westerplas, in wier eineparadys.

Jutterstocht

Wannear’t de stoarm oer it eilân raast, begjint it bloed fan ‘e jutter hurder te streamen: wat sil der no wer oanspiele? We gean nei it strân, op syk nei oanspielde skatten út ‘e see. Krabben, skulpen, kwallen, mar wa wit ek wol flessepost…

Dún-en-boskkuier

Ofwikseling is it biedwurd by dit yn ‘e kunde kommen mei de dunen en bosken noardeastlik fan it doarp. Jongere en âldere dunen, nulle- en leafbosk, wiete en drûge gebieten. Untdek de rike plante- en bistewrâld fan Skiermûntseach en harkje nei ferhalen oer in Dútske graaf, noard- en súdhellingen, heksebiezems, kninen, hazzen en noch folle mear.

Waadekskurzje

Op it earste gesicht liket it waad in lege, stjonkende drekboel. Mar ast better sjochst, sjochst dat de waadboaiem fol libben sit. Rin mei oer de boaiem fan ‘e see en kom yn ‘e kunde mei de seetûzenpoat, de garnaal en de kokkel, yn ien fan Europa’s meast bysûndere natuergebieten.

Boskbaaie

Dompelje dy ûnder yn ‘e natuer en nim in boskbad mei de boskwachter!

Op dizze tocht fertraagje we ús tempo en ferkenne we de natuer mei al ús sintugen. We litte ús ferwûnderje en ferrasse troch alles wat de bosk en de dunen ús al fielend, harkjend, priuwend en rûkend biede.

Boskbaaie is betocht yn Japan, mar eins wit elkenien dy’t geregeld de natuer yn giet al lang datst der ek ta rêst komme kinst. Natuer helpt nammentlik by it ferminderjen fan stress en fersterket it ymmúnsysteem. Op dizze ekskurzje hearst der mear oer én ûnderfynst it sels.

Poddestuolle-ekskurzje

Poddestuollen binne it hiele jier troch te sjen op Skiermûntseach, mar de measten binne dochs yn ‘e hjerst te bewûnderjen. Yn ‘e fochtige, koele wiken fan ‘e hjerst stean se op alderlei plakken yn ‘e bosk en yn ‘e dunen. Gean mei de boskwachter mei en lear poddestuollen te werkennen oan harren foarm, kleur en geur.

Weiders yn ‘e dunen

Skiermûntseach hat in prachtich dúngebiet. Der binne in protte dúnfalleien mei bysûndere blommen en seldsume planten. Mar as we neat dwaan soene, soene dy dunen yn rap tempo folslein tichtgroeie… Dêrom binne de ôfrûne jierren grutte weiders yntrodusearre yn ‘e dunen; se helpe de boskwachters om de dunen iepen te hâlden.
Op dizze strúntocht yn it dúngebiet sille we nei spoaren sykje fan grutte én lytse weiders en nei bysûndere blommen en planten. En wa wit komme we de weiders sels ek wol tsjin.

Stjerrekuier

Skiermûntseach is útroppen ta it tsjusterste plak fan Nederlân. Op ‘e stjerrekuier komst fan alles te witten oer stjerren en planeten, de moanne, it Molkweistelsel en oare fassinearjende himelferskynsels. By helder waar jouwe we útsoarte in protte omtinken oan ‘e stjerrebylden dy’t op dat stuit te sjen binne, mar ek by in berûne loft is dizze kuier troch it tsjuster beslist de muoite wurdich.

Jûnskuier

Kuierje mei troch de moaiste strjitsjes fan it doarp, fia de dunen, nei de ‘brânende’ fjoertoer. Underweis fertelt de gids oer de skiednis fan it eilân en de natuer by jûntiid.

Algemiene ynformaasje

  • prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
  • prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
  • leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
  • de ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
  • By Het Baken binne fierrekikers te hier
  • by natuerekskurzjes binne learzens en fierrekikers ynbegrepen yn ‘e priis
  • hûnen kinne net mei
  • by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
  • foar alle ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
  • it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder  (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
  • kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken

Groepsekskurzjes

Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.

Alle seizoenen

We hawwe fansels ek ekskurzjes yn ‘e winter, de maitiid en de simmer. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.

Doch-it-sels-aktiviteiten

Neist ekskurzjes mei in gids ha we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa ha we de WAAD ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân en om ‘e Westerplas hinne, de iennige echte Skiermûntseach Bingo, en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’t by dy past!