
Lytse bistjes
In moaie ûntdekkingstocht foar jong en âld. Earst sykje we nei wat der allegear omkrûpt yn ‘e beammen, de struken en it gers. Dêrnei sille we wetterdierkes fange. Foar ark wurdt soarge.
Boskgeheimen foar beukers
Dizze ekskurzje is spesjaal foar beukers. We meitsje in aventoerlike tocht troch de bosk. Underweis dogge we alderlei leuke ûntdekkingen en komme we yn ‘e kunde mei in tal boskbewenners. We einigje op it Hazeweitje.

Waadekskurzje
Op it earste gesicht liket it waad in lege, stjonkende drekboel. Mar ast better sjochst, sjochst dat de waadboaiem fol libben sit. Rin mei oer de boaiem fan ‘e see en kom yn ‘e kunde mei de seetûzenpoat, de garnaal en de kokkel, yn ien fan Europa’s meast bysûndere natuergebieten.

Jutterstocht
Mei-inoar sykje we nei wat de see efterlitten hat op it strân. Dit is altyd wer in spannende ekskurzje, want witst yn ‘t foar net watst fine silst – in fossile skulp, in aaikapsel of in seedrúf. Nei ôfrin meie dyn fynsten mei nei hûs.
Dúnsafary
Skiermûntseach hat in prachtich dúngebiet. Der binne in protte dúnfalleien mei bysûndere blommen en seldsume planten. Mar as we neat dwaan soene, soene dy dunen yn rap tempo folslein tichtgroeie… Dêrom binne de ôfrûne jierren grutte weiders yntrodusearre yn ‘e dunen; se helpe de boskwachters om de dunen iepen te hâlden.
Op dizze strúntocht yn it dúngebiet sille we nei spoaren sykje fan grutte én lytse weiders en nei bysûndere blommen en planten. En wa wit komme we de weiders sels ek wol tsjin.

Untdekkingstocht by jûntiid
Untdek de geheimen fan ‘e skimer, yn ‘e mande mei de sêftaardige Skimerskim. Dizze bysûndere ûntdekkingstocht is bedoeld foar nijsgjirrige bern tusken 6 en 11 jier. Alden dy’t net allinnich thús doarre te bliuwen, meie ek mei.
Algemiene ynformaasje
- prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
- prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
- leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
- de ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
- By Het Baken binne fierrekikers te hier
- by natuerekskurzjes binne learzens en fierrekikers ynbegrepen yn ‘e priis
- hûnen kinne net mei
- by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
- foar alle ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
- it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
- kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken
Groepsekskurzjes
Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.
Alle seizoenen
We hawwe ekskurzjes yn alle seizoenen, oft it no simmer, hjerst, winter of maitiid is.
Doch-it-sels-aktiviteiten
Neist ekskurzjes mei in gids ha we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa ha we de WAAD ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân en om ‘e Westerplas hinne, de iennige echte Skiermûntseach Bingo, en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’t by dy past!