Alle seizoenen

Alle seizoenen is op Skiermûntseach wol wer wat nijs yn ‘e natuer te belibjen. Us gidsen nimme dy graach mei om dy der mear oer te fertellen.

Lês hjir fierder oer ús ekskurzjes yn ‘e maitiid, de simmerde hjerst en de winter. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.

It eksakte ekskurzjeprogramma fynst yn ‘e aktiviteitekalinder (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje).

Groepsekskurzjes

Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.

Algemiene ynformaasje

  • prizen: folwoeksenen € 11,- | bern o/m 12 jier € 5,50
  • prizen jûnsekskurzjes: folwoeksenen € 13,50,- | bern o/m 12 jier € 6,75
  • leden fan Natuurmonumenten / OERR krije 30% koarting
  • ekskurzjes duorje sawat 2 oeren
  • by de fûgelekskurzje is in fierrekiker ynbegrepen yn ‘e priis
  • by de waadekskurzje binne learzens ynbegrepen yn ‘e priis
  • hûnen kinne net mei
  • by min waar kin de gids beslute om de ekskurzje te annulearjen
  • foar al ús ekskurzjes jildt in minimum fan 5 dielnimmers
  • it aktuele programma fynst op ús aktiviteitekalinder (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje)
  • kaartsjes binne ek te keap by ynformaasjesintrum Het Baken