Alle seizoenen

Alle seizoenen is op Skiermûntseach wol wer wat nijs yn ‘e natuer te belibjen. Us gidsen nimme dy graach mei om dy der mear oer te fertellen.

Lês hjir fierder oer ús ekskurzjes yn ‘e maitiid, de simmerde hjerst en de winter. Yn ‘e skoalfakânsjes ha we moaie aktiviteiten om mei de hiele húshâlding te dwaan.

It eksakte ekskurzjeprogramma fynst yn ‘e aktiviteitekalinder (dêr kinst ek daliks kaartsjes keapje).

Groepsekskurzjes

Ast mei in groep nei it eilân komst, kinne we ek in ekskurzje-op-maat organisearje. Yn oerlis kinne we dan rekken hâlde mei dyn winsken en ynteresses. Nim leafst rom yn ‘t foar kontakt mei ús op.