Heechwetter en leechwetter

Eb en floed binne de tijbewegingen fan it seewetter. It is eb as it wetter sakket. Eb begjint dus mei heechwetter en duorret oant leechwetter. En it is floed as it wetter omheech komt, fan leechwetter oant heechwetter dus. Eb en floed wurde feroarsake troch de tijkrêft fan ‘e moanne op it seewetter. De tijkrêft ûntstiet trochdat de oanlûkingskrêft fan ‘e moanne net like grut is op alle wetterdieltsjes op ierde.

Alle wetterdieltsjes op ierde wurde nammentlik oanlutsen troch de moanne. Oan ‘e kant fan ‘e ierde dy’t it tichtst by de moanne is, wurde de wetterdieltsjes sterker oanlutsen as yn trochsneed. Dêr ûntstiet in ‘wetterberch’ dy’t nei de moanne takeard is. Oan ‘e oare kant fan ‘e ierde wurde de wetterdieltsjes minder sterk oanlutsen as yn trochsneed. Dêr ûntstiet ek in ‘wetterberch’, dy’t just fan ‘e moanne ôfkeard is. It liket dus as stean der twa wetterbergen op ‘e ierde. Dy wetterbergen wurde floedbergen neamd.
Mei’t de ierde yn 24 oeren ien kear om syn as draait, is it it etmiel twa kear heechwetter en ek twa kear leechwetter. De ierde draait om sa te sizzen ûnder de beide floedbergen troch.

Mei’t de moanne yn sawat in moanne om ‘e ierde draait, is de moanne yn dat iene etmiel ek in stikje opskood. Dêrtroch komme heech- en leechwetter hieltyd likernôch 50 minuten letter as de foarige dei.

Springtij en de deatij

Behalve de moanne lûkt ek de sinne oan it seewetter. As de sinne en de moanne mei-inoar gearwurkje is it springtij. De floedbergen binne dan ekstra heech, en it leechwetter is ekstra leech.

As de sinne en de moanne inoar tsjinwurkje binne de floedbergen minder heech en is it leechwetter minder leech. Dat wurdt deatij neamd.

Oan ‘e skynfoarm fan ‘e moanne kinst sjen hoe let it ûngefear heech- of leechwetter is.
By folle moanne en by nije moanne is it om 10 oer moarns en 10 oere jûns hinne heechwetter. By earste kertier en by lêste kertier is it om 3 oere nachts en 3 oere middeis hinne heechwetter. (Foar de simmertiid moatst in oere by dy tiden optelle.)
Leechwetter falt ûngefear midden tusken twa heechwetters. Mei’t der in soad ûnregelmjittichheden binne yn ‘e baan fan ‘e moanne kinne dy tiden wol in oere ôfwike.

Yn ‘e Noardsee falt springtij twa dagen nei folle moanne en twa dagen nei nije moanne. Dan pas is de floedberch út de súdlike Atlantsyke Oseaan wei yn ús omkriten oankommen. Heechwetter is dan tusken 11 en 12 oere moarns en jûns.

Boppeneamde tiden jilde foar Skiermûntseach, mar net foar alle plakken oan ‘e Noardseekust. De floedberch komt út ‘e Atlantsyke Oseaan de Noardsee binnen tusken Skotlân en Noarwegen (en in bytsje tusken Ingelân en Frankryk). Yn ‘e Noardsee beweecht er him tsjin ‘e wizers fan ‘e klok yn, sadat elk kustplak op in oar tiidstip oan bar komt.