Tichtgroeide dunen
Op in soad plakken binne de dunen fan Skiermûntseach tichtgroeid mei struken. Dat komt troch:
- it ynwaaien fan dongstoffen dat makket dat beammen en struken hurder groeie;
- it ôfnimmen fan it oantal kninen troch firussykten. It lytse tal kninen yt net mear alle jonge beamkes op;
- de oanplant fan bosk hûndert jier ferlyn. Yn ‘e lijte fan ‘e bosk groeie nije struken;
- ferdrûging fan dúnfalleien.
Yn ‘e falleien dy’t alle winters ûnder wetter stean groeie struken net sa hurd. Troch dy ferrûging is op tal fan plakken it moaie útsjoch op ‘e dunen ferdwûn. Ek wurde bysûndere bisten en planten dy’t yn ‘e dunen thúshearre aloan seldsumer.
Natuurmonumenten makket op in protte plakken de dunen wer iepen. Dat dogge de boskwachters troch te plaggen of te meanen. Se krije dêrby ek help fan kij en ponnys.
Plagje
By plagjen grave we de boppeste laach grûn ôf. Yn dy boppeste grûnlaach sitte planteresten en fiedselrike ierde. Nei it plagjen bliuwt allinnich keal sân oer. Dat liket fuort nei de wurksumheden op in moannelânskip. Mar oars as op ‘e moanne nimme planten, wêrfan’t it sied faak jierrenlang geduldich yn ‘e grûn syn kâns ôfwachte hat, gau besit fan it gebiet. Dat binne seldsume pionierplanten dy’t yn in sletten gersmatte gjin kâns meitsje. Hoewol’t de plantsjes lyts binne, hawwe se faak prachtige blommen, lykas it gielhertsje (wyt mei giel) en it centaurium littorale (‘zandduizendguldenkruid’) (donkerrôze).
Meane
Elke hjerst meant Natuurmonumenten de dúnfalleien. As se soks net geregeld dogge, groeie de falleien ticht mei wylgen en bjirken. Bysûndere blommen lykas de orchideeën en parnassia ferdwine dan. By it meanen litte se meastentiids in stripe gewurde. Dat is wichtich foar oerwinterjende rûpen en oare ynsekten.
Tanksij it meanbehear lizze de falleien op it eilân der prachtich by. De meast blomrike stikken binne de fallei by de fjoertoer en de Hertenbosfallei. Ek de bermen fan ‘e fytspaden stean tanksij it meanbelied fol blommen.
Weiders
Yn ‘e dunen rinne kij, hynders, geiten en skiep om. Dat binne allegear fegetariërs dy’t graach gers en jonge beamkes ite. Sa hâlde se de eilanner dunen iepen. Yn dat iepen dúnlânskip bloeie bysûndere blommen dy’t oars de konkurrinsjestriid mei hurd groeiende gerzen en struken ferlieze soene. Ek foar kuierders hat it foardielen. Om’t de weiders tichte, stikelige struken opite, kinst yn de beweide gebieten faak nofliker kuierje as dêrbûten.