Ekskurzjes

Yn Nasjonaal Park Skiermûntseach is fan alles te ûntdekken en te belibjen. Gean mei op ‘en paad yn ‘e boeiende natuer fan Skiermûntseach. Strânjutte, fûgels sjen, boskbaaie, it waad op, fytstochten, doarpskuiers, der is fan alles mooglik, sawol foar bern as folwoeksenen. Op ús aktiviteitekalinder  kinst sjen watst dizze wike dwaan kinst op Skiermûntseach.

Het Baken

Ynformaasjesintrum Het Baken is ít startpunt om it eilân goed kennen te learen. Kinst natuerekskurzjes, aktiviteiten en akkommodaasjes boeke en fansels kinst der ek terjochte foar algemiene ynformaasje oer it eilân en de natuer fan it Nasjonaal Park. Yn ‘e útstalling stiest each yn each mei seehûn en leppelbek, bewûnderest de stjerrehimel boppe it eilân, besjochst unike planten en bisten en ûnderfynst de seizoenen op Skiermûntseach.

Doch-it-sels-aktiviteiten

Neist ekskurzjes mei in gids hawwe we ek in grut tal aktiviteiten dy’tst sels dwaan kinst. Sa hawwe we doch-it-sels-natueraktiviteiten foar húshâldingen op it strân by de Westerplas, de WADDEN ekskurzje-kit fan ‘e Waadferiening, de iennige echte Skiermûntseach Bingo en noch folle mear. Kom del by ynformaasjesintrum Het Baken en kies de aktiviteit dy’tst dwaan wolst op Skiermûntseach!

Skoallen

Foar skoallen  hawwe we aventoerlike skoalekskurzjes, bygelyks nei it waad of nei de seefûgelkoloanje. Betûfte gidsen en boskwachters fan Natuurmonumenten begeliede de tochten.