Minsken hawwe al iuwenlang ynfloed op Skiermûntseach. Bûten it doarp en de Banckspolder is it lânskip dan wol net troch minsken makke en yndield, mar der binne wol kultuerhistoaryske eleminten dy’t tinken dogge oan it ferline. De wichtichste binne hjir beskreaun.

Alde seedyk

Tusken de Bank fan Banck en de Westerduinenweg leit de dyk dy’t oant 1962 de haadwetterkearing foarme. Dy dyk is oanlein doe’t yn 1860 ûnder superfyzje fan de doetiidske eigener fan it eilân J.E. Banck, de kwelder bedike waard en de Banckspolder ûntstie. De dyk is no in kuierpaad dat prachtich útsjoch biedt op ‘e polder en de Westerplas.

Stiennen peal

Op it heechste punt fan it Minne Onnes paad, oer en lâns de Striedieken, stiet de saneamde ‘Elstienen pail’. Beskûle yn it reid yn it noardwestlik part fan ‘e Westerplas stiet noch in identike, hast fergetten peal. Dy peallen markearje de grins fan ‘e eigendommen fan ‘e steat fan ‘e Nederlannen en de eardere partikuliere eigeners fan it eilân Skiermûntseach. De skiednis fan dy peallen giet werom oant de ferkeap fan it eilân fan ‘e famylje Stadhouwer oan de hear J.E. Back yn 1858. De peallen binne yn 1906 pleatst nei in jierrenlange korrespondinsje tusken de eardere eigeners fan it eilân Skiermûntseach en de steat fan ‘e Nederlannen.

Alde paden

Sûnt de oanlis fan skulpepaden yn ‘e dunen binne âlde rin- en rydpaden yn ûnbrûk rekke. De measte fan dy paden binne oergroeid mei strewelleguod. De âlde paden wiene faak merke mei in graniten peal mei it merk NK. It ferhaal giet dat guon ynwenners fan it eilân in dúnferbod hiene yn ferbân mei streuperijen. Sy mochten har net bûten dy merke paden bejaan.

Bunkers

Bunker de Wasserman is boud yn ‘e oarlochsjierren 1940-1945 op it dún dat oant dan it ‘Wytdun en Poemelsdun’ hiet, mar dat no bekend stiet as it Bunkerdún. De bunker fungearret as útsjochpunt dêr’tst it eilân, de Noardsee en de Waadsee wei oersjen kinst. Inkele jierren ferlyn is de bunker tagonklik makke foar it publyk. Minsken kinne efkes yn ‘e bunker sjen. Op mear plakken binne restanten fan bunkers út ‘e Twadde Wrâldoarloch, ûnder oaren oan it Westerhofpad en yn it saneamde Schleidorp by de Marlijn. Net alle bunkers wurde iepensteld.

Begraafplak Vredenhof, seemansgrêven en de Reddingsweg

Dy eleminten foarmje mei har trijen ien gehiel. Yn earder tiden wie it wenst om oanspielde stoflike omskotten fan omkommen seelju yn ‘e seereep te begraven. It barde nochal ris dat by hege stoarmtijen dy stoflike omskotten wer bleat spielden. Dan waarden se op ‘e nij begroeven efter de earste dúntsjes. Tink dêrby oan ‘e dunen noardeastlik fan ‘e Tweede Dennen dy’t ek wol de ‘Lyke dune’ neamd wurde. Behalve it Vredenhof sels binne der de grêven fan ‘e bemanning fan in Sweedsk sylskip (nei alle gedachten de bark Rauta, yn 1863 fergien) súdlik fan it Vredenhof. De ûnferhurde Reddingsweg, liedend nei Vredenhof en it strân op ‘e hichte fan peal 7, is nei 1829 oanlein om de rêdingsboat nei it noarder- en easterstrân te riden.

 

Oanplante nullebosken

De nullebosken op Skiermûntseach binne fan sawat 1915 ôf oanplante yn opdracht fan de doetiidske eigener fan it eilân, Graaf Bernstorff. De bosken bestean yn haadsaak út Korsikaanske en Eastenrykske dinnebeammen. De bosken binne oanplante as produksjebosk, met it eachmerk om hout te rispjen. Ek wie it de bedoeling om troch de boskoanplant de ferstowing noardlik fan it doarp in halt ta te roppen. Fan it kappen fan beammen foar de houtrispinge is it nea kommen. Troch stoarmen binne flinke gatten yn ‘e bosken slein, dêr’t spontaan jonge leafbeammen yn opkamen. Fan 1995 ôf wurket Natuurmonumenten op basis fan in plan oan it foar in part omfoarmjen fan ‘e nullebosken yn in mear ôfwikseljend bosk. Binnen de nullebosken binne inkele boskreservaten ynsteld dêr’t net yngrypt wurdt yn ‘e monokultuer fan dinnebeammen.

Hardershut en Kweldershok

Op it terrein fan it fjildstasjon fan ‘e Vrije Universiteit oan ‘e eastkant fan ‘e Banckspolder stiet de hardershut, dy’t tinken docht oan it beweidzjen fan ‘e kwelder troch in keppel kij dy’t dêr oant 1959 hoede waard. Fanwege it ûntbrekken fan swiet drinkwetter op ‘e kwelder kaam de keppel jûns werom nei it part fan ‘e polder dat noch altyd bekend stiet as it ‘kweldershok’. Yn dat perseel is it oarspronklike reliëf bewarre bleaun.

 

Einekoai

De einekoai is nei it klearkommen fan ‘e dyk fan Banck oprjochte yn opdracht fan de hear J.E. Banck yn 1861. Oant 1959 is de koai brûkt om einen te fangen. Yn 1959 sei de Tsjinst fan ‘e Domeinen de pacht oan de doetiidske koaiker IJ. Talsma op. De einekoai rekke yn ferfal. Troch opmerksume eilanners waard de ferfallen koai yntiids op ‘e nij registrearre, wêrmei’t tefoaren kaam waard dat de koai nea mear yn bedriuw komme kinne soe en it rjocht fan ôfpealjen ferfalle soe. Nei oprjochting fan it Nasjonaal Park binne plannen makke om ‘e koai te restaurearjen. Op 8 novimber 1990 is de folslein restaurearre einekoai oplevere. Th. Talsma is as koaiker oansteld.
De einekoai wurdt no brûkt om einen te fangen foar ringûndersyk. Der binne geregeld ekskurzjes nei de einekoai.

Beakens Kobbedunen en Willemsdún

De beakens binne ea oprjochte foar de oriïntaasje fan skippen en foar de trijehoeksmjittingen foar it meitsjen fan goede kaarten. De beakens hawwe dy funksje no ferlern. Se foarmje noch altyd markante oantinkenspunten yn it wide lânskip. Natuurmonumenten ûnderhâldt de beide beakens.

Noarder- en Suderfjoertoer

Beide tuorren binne yn 1854 yn wurking steld. It ljocht fan ‘e Sudertoer is yn 1909 dôve. Troch ferrin fan it farwetter yn it Fryske seegat ferlear dy ljochttoer syn funksje. Fan 1950 oant 1992 is de Sudertoer brûkt as wettertoer. Yn 1998 is de Sudertoer ferkocht oan KPN foar gebrûk foar telekommunikaasje-apparatuer. De Noardertoer is noch bemanne en yn fol bedriuw. Beide tuorren binne ryksmonumint.

 

Stodyk

De folsleine seereep fan de Westerplas oant peal 10 hat troch oanplant fan helm it karakter fan in stodyk krigen. It eastlike part, de stodyk tusken peal 7 en peal 10, is oanlein fan ‘e fyftiger jierren ôf. It doel wie om dy dyk troch te lûken oant peal 16, as skeakel foar de ynpoldering fan ‘e Waadsee. It is nea alhiel slagge om de stodyk ien gehiel wurde te litten. It besykjen waard yn ‘e santiger jierren staakt. It ûnderhâld oan ‘e stodyk waard yn ‘e tachtiger jierren staakt. De stodyk sjogge in soad minsken as in sichtber oantinken oan it wurk fan in protte eilanners en oan ‘e tiid dat, oars as no, nei kustferdigening sjoen waard.