De East-Atlantyske trekrûte

De wichtichste trekrûtes konsintrearje har by de kusten fan de kontininten lâns. Ien fan dy ‘haadsnelwegen’ foar fûgels rint by de westkust fan Europa en Afrika lâns, de East-Atlantyske trekrûte. Dy rint fan East-Kanada en Sibearië yn it uterste noarden, oant it súdlikste puntsje fan Afrika. Jierliks meitsje sawat goed 90 miljoen fûgels gebrûk fan dy rûte.

Sa’tst op dit plaatsje sjen kinst, leit ús tichtbefolke delta krekt op in wichtich knooppunt op ‘e East-Atlantyske trekrûte.
Jierliks komme dêr tsientallen miljoenen fûgels del. It giet dêrby om goed 300 ferskate soarten.

Dy strategyske lizzing fan Nederlân soarget derfoar dat we in tige fûgelryk lân binne. Mar dat bringt ek in grutte ferantwurdlikens mei om al dy fûgels in feilich ûnderdak te bieden.

Bytanke

Soarten komme hjir te brieden, te oerwinterjen of út te rêsten en by te tanken op harren faak lange, ôfmêdzjende en gefaarlike reizen fan noard nei súd. En wer werom. Soene se yn ús lân net op in grut tal plakken in feilich rêstplak mei folop fretten fine kinne, dan soene de measte fûgels harren reis net oerlibje. Sûnder feilige rêstplakken, (by)tankstasjons en foldwaande brânstof soe de reis ûnmooglik wurde. Dat jildt fansels ek foar krúsjale lokaasjes yn oare lannen. Op de hiele trekrûte moatte genôch feilige tankstasjons mei folop fretten wêze. De hiele rûte is sa sterk as de swakste skeakel; ynternasjonale gearwurking is dêrby fan essinsjeel belang.

Reizen fol gefaren

De faak lange reizen binne net sûnder gefaar. Rôfdieren, min waar, de jacht, heechspanningskabels en sa easkje jierliks harren tol. Mar ek iepen see, woestinen en hege bergen foarmje útdaagjende obstakels om te oerwinnen of te omsilen. Sa mije in hiele protte soarten grutte iepen wetters en sykje se de smelste see-ingten op om oer te stekken. Op dy plakken is de fûgeltrek dan ek, mits ast op it goede momint oanwêzich bist, it spektakulêrst. Ferneamde ‘hotspots’ binne bygelyks de Strjitte fan Gibraltar yn Súd-Spanje, de Bosporus yn Turkije en tichter by hûs Falsterbo yn it uterste suden fan Sweden.

Ek de Sahara kin foar soarten dy’t yn ‘e midden en it suden fan Afrika oerwinterje, in deadlik obstakel foarmje. Foaral as it waar omslacht en sânstoarmen de regio teisterje kin dat liede ta in protte slachtoffers.

Magistraal en mysterieus rjochtingsgefoel

It sublime rjochtingsgefoel fan trekfûgels fassinearret de mins al desennialang. Sa is troch ringûndersyk bygelyks oantoand dat in boereswel, dy’t hjir yn Nederlân yn in boereskuorre bret hat en by Kaapstêd, Súd-Afrika oerwintere, it folgjende briedseizoen feilleas it paad weromfûn nei deselde boereskuorre.

Hoewol’t we noch lang net alles witte oer dat fenomeen, is wol dúdlik dat fûgels fan ferskate ynstruminten gebrûk meitsje. Dat kin trouwens de soart ferskille. In protte soarten oriïntearje har mei help fan in ynboud kompas, de stân fan ‘e sinne, moanne en stjerren. Ek binne der sterke oanwizingen dat soarten in kaart oanmeitsje yn har brein, dêr’t se har op oriïntearje kinne. De kustline en grutte rivieren en wetters foarmje dêr faak wichtige beakens yn.

Lange ôfstânstrekkers

Benammen fûgels dy’t ynsekten frette trekke faak oer grutte ôfstannen. Yn ‘e simmer fine se yn Noard-Europa in hiele protte ferskate soarten ynsekten, mar yn ‘e winter binne dy der hast net. In moai foarbyld binne sweltsjes. Yn ‘e simmer fange se hjir fleanendewei folop ynsekten, mar winterdeis moatte se, by gebrek oan fleanende ynsekten, útwike nei súdliker oarden. Sa oerwinterje ‘ús’ boeresweltsjes oant yn Súd-Afrika. Dat jildt min of mear ek foar tal fan soarten steltrinners. Ek sy binne gek op ynsekten, oanfolle mei wjirms en kreefteftigen. Ek dat fretten is der yn ‘e wintermoannen mar in bytsje yn Noardwest-Europa.

Kampioen lange ôfstânstrekker is de noardske stirns. Dy soart briedt oant boppe de poalsirkel (mar briedt ek yn Nederlân) en oerwinteret om Antarktika hinne. Dat is dan ek wierskynlik it bist dat it measte deiljocht yn syn libben sjocht.

It oare uterste wurdt foarme troch koarte ôfstânstrekkers, lykas bygelyks it readboarstje. Dy soart ferhuzet yn ‘e winter bygelyks fan Denemarken nei Nederlân en fynt de Nederlânske winters myld genôch om te oerlibjen. It readboarstje yn dyn tún is yn ‘e winter hiel wierskynlik in oare fûgel as it readboarstje datst yn ‘e simmer seachst!

copyright illustraties Erik van Ommen