
De fûgeltrek
De fûgeltrek. Faaks ien fan ‘e nijsgjirrichste ferskynsels yn ús natuer. Jierliks trekke miljarden fûgels oer de ierde fan harren oerwinteringsgebieten nei harren briedgebieten. En wer werom. Dêrby trekke hast al dy fûgels it leafst oer lân. Op iepen see falt foar harren neat te heljen en op ‘e grins fan wetter en lân is foar in protte soarten just in soad fretten te finen. Krekt by dy grins fan wetter en lân lâns lizze de seis nasjonale parken Skiermûntseach, Lauwersmar, Duinen van Texel, Nieuw Land, Oosterschelde en NLDelta.
Trekrûtes by de kusten lâns
De wichtichste trekrûtes konsintrearje har by de kusten fan de kontininten lâns. Us lân leit krekt op in wichtich knooppunt op ‘e East-Atlantsyke trekrûte. Jierliks komme dêr tsientallen miljoenen fûgels del. It giet dêrby om goed 300 ferskate soarten. Dy strategyske lizzing fan Nederlân soarget derfoar dat we in tige fûgelryk lân binne. Nasjonaal Park Skiermûntseach en it Waadgebiet binne fansels ûnderdiel fan dat wichtige trekfûgelknooppunt.
Nasjonaal Park Skiermûntseach
Skiermûntseach is in ideaal plak om de fûgeltrek mei te meitsjen. Boppe it waad kinst yn ‘e trektiid grutte wolken steltrinners ‘dûnsjen’ sjen. Yn it dúnstrewiel tilt it yn ‘e hjerst op fan ‘e fjildlysters (kramsvogel) en readwjukken (koperwiek) dy’t alle beikes fan ‘e struken ite foar’t se fierder fleane. Ek briede der in protte trekfûgels yn it Nasjonaal Park én binne yn ‘e wintermoannen in soad oerwinterers op it eilân te finen. Wittenskippers witte ek dat it op Skiermûntseach optilt fan ‘e trekfûgels; op it eilân wurdt ek in protte ûndersyk dien.
Foarbylden fan trekfûgels op Skiermûntseach

De leppelbek
In protte leppelbekken oerwinterje yn Mauretanië oan de Afrikaanske westkust, yn in gebiet dat in soad hat fan it Waadgebiet. Jonge leppelbekken hâlde dêr altyd in tuskenjier foar’t se oan in húshâlding begjinne. Pas as se twa jier binne fleane se werom nei Nederlân. Lês hjir alle updates oer de leppelbekken fan Skiermûntseach.

De sângril
Sângrillen (drieteenstrandloper) sjochst faak op it strân foar de weagen út draven. Se frette lytse bistjes dy’t troch it wetter op it strân efterlitten wurde. Dêrom rinne se altyd op it plak dêr’t krekt noch in weach west hat. Se briede yn it hege noarden, yn Grienlân en Sibearië. In part fan ‘e sângrillen oerwinteret yn Nederlân. In oar part fljocht noch fierder, oant Súd-Afrika ta. Meitsje hjir de seizoenen mei as in sângril.

De paugoes
Pauguozzen (brandgans) binne echte wintergasten. Se briede yn Sibearië en oerwinterje yn Nederlân. Pas healwei maaie sette se wer ôf nei harren briedgebieten. As se earder fuortgean soene, soene se yn ‘e snie oankomme.

De geal
De geal (nachtegaal) is foaral ferneamd om syn sjongkeunsten. Hy kin in hiele protte ferskate lûden meitsje én hy kin aardich wat leven meitsje foar sa’n lyts fûgeltsje. Hy sjongt net allinnich oerdei lykas de measte fûgels, mar hy sjongt ek nachts gewoan troch. Dêrom fansels ek syn namme. Gealen briede yn ‘e dunen. Sjochst se hast noait, om’t se meastentiids ferstoppe sitte yn it strewelleguod. Nei de simmer sette se ôf nei Afrika om te oerwinterjen.

De brune hoanskrobber
De brune hoanskrobber (kiekendief) is in sierlike rôffûgel dy’t soms akrobatyske toeren úthellet yn ‘e loft. Yn ‘e maitiid lit it mantsje faak in farsk fongen knyntsje yn folle flecht falle, sadat it wyfke it wer opheine kin. Yn ‘e simmer brûke heit en mem hoanskrobber dy metoade om harren jongen it jeien te learen. Brune hoanskrobbers dy’t yn Nederlân briede, oerwinterje yn Afrika, súdlik fan ‘e Sahara. Brune hoanskrobbers dy’t yn Sweden briede, oerwinterje yn itselde gebiet. Dochs komme se inoar ûnderweis noait tsjin. De Sweedske hoanskrobbers fleane nammentlik oan ‘e eastkant by de Pyreneeën lâns, wylst de Nederlânske hoanskrobbers by de westkant lâns geane.

De skries
Skriezen frette it leafst ynsekten dy’t se fan ‘e boaiem pikke of mei harren lange snaffel út ‘e grûn helje. Yn it topke fan ‘e snaffel ha se gefoel, se jeie dus op ‘e taast! Jonge skriezen binne echte nêstfleaners: sadree’t se út it aai binne, rinne se om en moatte se sels ynsekten fange om te fretten. Underweis nei it suden wurde skriezen allesiters en frette se ek rys, beikes en skulpdieren. Oerwinterje dogge se yn Afrika.
Skriezen binne ien fan ‘e earste trekfûgels dy’t wer werom binne yn ‘e iere maitiid. Healwei febrewaris kinst de earste alwer mei útset lûd syn eigen namme roppen hearre.
copyright yllustraasjes Erik van Ommen
Tips om (trek)fûgels te sjen
- By de jachthaven of de feardaam kinst de steltrinners op it waad moai besjen. Ast mei opkommend wetter sjochst, komme de fûgels aloan wat tichterby.
- Ut de fûgelhut wei by de Westerplas kinst hiel goed de tsientallen leppelbekken sjen dy’t om de Westerplas hinne briede. Yn ‘e winter sjochst der ûnder oaren smjunten en pylksturten.
- Yn ‘e Bancks polder binne trekfûgels lykas skriezen, pauguozzen, rotguozzen en wilsters te finen.
- Yn ‘e maitiid hearst yn ‘e dunen rûnom gealen sjongen.
- Yn ‘e hjerst sit it dúnstrewiel fol mei lystereftigen. Brûk dyn earen om te ûntdekken wêr’t se binne, want se kinne har aardich goed ferstopje yn ‘e struken.
Trekfûgelrûte
In moaie wize om by de ferskate trekfûgelhotspots op Skiermûntseach lâns te kommen, is it folgjen fan de trekfûgelrûte. Fynst de rûte op ‘e webside fan Natuurmonumenten. Yn ‘e rûtebeskriuwing krijst behalve de rûte-oanwizingen ek mear ynformaasje oer de plakken dêr’tst lâns komst en de fûgels dy’tst dêr sjen kinst.
Ekskurzjes mei trekfûgels
- Trekfûgelkuier
- Geale-ekskurzje
- Briedfûgelekskurzje

Fergeze trekfûgelposter
De seis nasjonale parken oan de Nederlânske kusten binne in gearwurking oangien om dy bysûndere rykdom yn Nederlân yn kaart te bringen; in trekfûgelposter foar jong en âld. Dy fergeze poster is net allinnich moai foar oan ‘e muorre, mar jout ek in ynkykje yn ‘e ynternasjonale trekrûte en 11 ikoanyske trekfûgels dy’t Nederlân alle jierren oandogge. Wolsto ek sa’n moaie poster hawwe? Kom dan nei ynformaasjesintrum Het Baken en helje ien op. Wês der gau by, want op=op!