It grutste part fan Skiermûntseach ûntwikkelet him fansels prachtich. De strannen, de kwelders en jonge dunen florearje mei al it libben dat dêr foarkomt. Dêr hat aktyf behear gjin mearwearde, krektoarsom. Ofbliuwe en fan genietsje is dêr it biedwurd.
De bysûndere wearde fan natuer op Skiermûntseach is de reden dat it eilân ta Nasjonaal Park beneamd is. It eilân en de see deromhinne binne oanwiisd as Natura 2000-gebiet. De Waadsee is erkend UNESCO Wrâlderfgoed. De rykdom oan libbensmienskippen en soarten is grut. Dat is te tankjen oan de mannichte oergongen op it eilân tusken drûch en wiet, swiet en sâlt, fiedselryk en fiedselearm.
Ek op Skiermûntseach hawwe minsken ynfloed op it ekosysteem. De dunen wurde rûger en reitsje hieltyd mear mei bosk begroeid. De feroaringen binne net allinnich it gefolch fan natuerlike ûntwikkeling. Oarsaak fan it tichtgroeien fan ‘e dunen is de kombinaasje fan in te hege stikstofdelslach, it ynstoarten fan ‘e kninepopulaasje troch sykten en de fermindere ynfloed fan sâlte seewyn. De ferrûging en ferbosking is in himsels fersterkjend proses. Yn tichtgroeide dunen kinne kninen net libje en wurdt de wyn fansels ôfswakke. Krekt de karakteristike soarten dy’t libje yn it iepen dún hawwe it dreech en ferdwine fan it eilân. It giet om soarten dy’t it yn hiel Europa swier te ferduorjen hawwe.
Planten as roazekrânske en huningorchis en briedfûgels as heidehipper, de fjildûle en blauwe hoanskrobber binne dêr foarbylden fan. Om de tindins fan it ferdwinen fan karakteristike dunesoarten te kearen, binne en wurde alderlei maatregels útfierd. Der is bosk ferwidere, der is plagge, der is weide mei geiten, kij en hynders en in protte dúnfalleien wurde jierliks meand. Soene we dat net dwaan, dan soene noch mear soarten fan iepen dún ferdwine.
Us doel is in kustnatuergebiet dat wat floara, fauna en habitat oangiet, ta de wrâldtop heart. Benammen de soarten dy’t tekenenjend binne foar it kustlânskip: waad, strân, dún (iepen dún, dúnfallei en dúnbosk) en kwelder. Om dat doel te berikken hat bywurkjen fan it systeem de foarkar, dêr’t Kaderrichtlijn Water (KRW) en Natura 2000 kaderstellend binne.
Ambysjeplan Nasjonaal Park Skiermûntseach
Yn 2024 hat it Oerlis Orgaan unanym ynstimd mei it nije ambysjeplan foar it Nasjonaal Park. Dat plan sketst in helder takomstbyld foar de kommende tsien jier en biedt in dielde basis om de unike wearden fan it eilân te behâlden en te fersterkjen. Dêrby leit de fokus net allinnich op natuer, mar is der bygelyks ek omtinken foar kultuerhistoarje, lânskip en duorsum toerisme.
Ut it ambysjeplan folget in nij natuerbehearplan. It Behear yn Nasjonaal Park Skiermûntseach wurdt útfierd troch Natuurmonumenten.