It werom bringen fan it iepen dúnlânskip op Skiermûntseach troch beweiding
De ôfrûne desennia binne grutte parten fan ‘e dunen op Skiermûntseach tichtgroeid mei strewelleguod, lykas toarnbei en dúndoarn. Dy tichte begroeiïng hat net allinnich it bysûndere iepen dúnlânskip oantaast, mar hat ek laat ta it ferdwinen fan kwetsbere soarten fûgels, flinters en planten dy’t ôfhinklik binne fan dy unike omkriten. Boppedat wurdt it hieltyd dreger foar kuierders om frij troch de natuer te strunen, wylst krekt dy frijheid en tagonklikens ien fan ‘e wichtichste toeristyske pylders fan it eilân is.
It werombringen fan it iepen karakter fan ‘e dunen is dêrom ien fan ‘e wichtichste ambysjes fan Nasjonaal Park Skiermûntseach. Beweiding, as middel om it lânskip wer dynamysk te meitsjen, spilet dêr in wichtige rol yn.
Beweiding as oplossing
Sûnt 2015 wurde grutte weiders lykas Sayaguesa-kij en Exmoorponnys ynset yn ‘e dunen fan Skiermûntseach. Dy bisten ite jonge leaten fan struken en gerzen, wêrtroch’t it lânskip iepener wurdt en it bioferskaat tanimt. Ut evaluaasjes docht bliken dat beweiding in posityf effekt hat op ‘e fariaasje yn planten en ynsekten yn ‘e dunen. Rûchte is tebekkrongen en karakteristike dúnplanten hawwe har útwreide.
De Provinsje Fryslân advisearret om beweiding út te wreidzjen. Troch grutte weiders yn te setten wurdt de fegetaasje fariearder, wêrtroch’t net allinnich kninen weromkomme kinne, mar ek oare bistesoarten dy’t ôfhinklik binne fan in healiepen dúnlânskip lykas heidehipper en dúnparlemoerflinters. Foar kuierders betsjut it in fernijde mooglikheid om frij troch de natuer te swalkjen, in ûnderfining dy’t ûnskiedber ferbûn is mei de sjarme fan Skiermûntseach.
Lykas destiids ôfpraat yn it oerlisorgaan fan it Nasjonaal Park is nei trije jier it effekt fan beweiding mei Sayaguesa’s en Exmoorponnys evaluearre. It evaluaasjerapport fynst hjir.
Natura 2000-doelstellingen
It werombringen fan it dúnlânskip slút oan by de Natura 2000-doelstellingen, dy’t stribje nei it behâld fan seldsume en bedrige natuergebieten. Beweiding is gjin doel op himsels, mar in middel om by te dragen oan ‘e ambysjes fan it Nasjonaal Park en de Natura 2000-doelstellingen. Tagelyk moat it soarchfâldich ôfstimd wurde op oare maatregels, lykas it ferminderjen fan stikstofdelslach, en op tagonklikens fan it gebiet foar publyk.
Sayaguesa-kij

Sayaguesa-kij binne tige seldsum. Se binne wend oan it oerlibjen yn rûge natuergebieten en ekstreme waarsomstannichheden. Se kinne libje fan stugge gerzen en tûken. Se kinne goed oer de kjeld en oer de hjitte. Op in waarme dei stean se net mei har allen yn in dúnmarke. Sayaguesa’s binne goede rinners, dy’t har in soad ferpleatse yn it terrein. Dêrom wurdt de druk fan it weidzjen goed ferspraat oer it hiele dúngebiet. Fierder hawwe se lytse jaren, dat makket dat se har net sa gau ferwûnje oan leech dúndoarnstrewiel. Se hawwe gjin help nedich by it kealjen. Se binne dus poerbêst tarist foar in libben yn ‘e frije natuer.
Exmoorponnys

De Exmoor is in sober âld hynsteras út it súdwesten fan Ingelân. Dêr hawwe se al generaasjes lang in semy-wyld bestean. De Exmoor is in lyts donkerbrún ras, soms sels hast swart, mei in skofthichte fan sawat 117 oant 127 sm. Harren gewicht is op syn heechst tusken de 310 en 370 kilogram. Tekenjend binne fierder de wite moalsnút en de faak ljochtere ûnderbúk.
Nederlânske lângeiten

De Nederlânske lângeit is in stevige, middelgrutte geit mei hoarnen. De karakteristike bok hat stevige en grutte, meast lierfoarmige, hoarnen. Faak is ek in bokkeprúk en in wipnoas te sjen. De hoarnen fan ‘e geit binne lytser. Bokken binne langhierrich, wylst de geiten ek koart-rûchhierrich wêze kinne. De hûd fariearret fan bûnt, mei swarte, brune, bêzje of blauwe flekken oant in inkele kear hielendal wyt.
It ras kin goed oer ús klimaat. We binne yn oktober 2018 op Skiermûntseach start mei 12 geiten, sûnder bok. De geiten binne inte en kontrolearre troch de bistedokter. It binne Nederlânske lângeiten dy’t as stamboeksoart te boek stean.